Noed oer mûzegatten yn spottersbulte by fleanbasis

22 mrt 2015 - 13:10

De spottersbulte oan de râne fan de Ljouwerter fleanbasis is in begryp yn de wrâld fan de fleantúchfans. Oer in pear wiken steane wer spotters út it hiele lân om de ynternasjonale oefening Frisian Flag te folgjen. Mar dizze kear soe der wolris mear yn de bulte sitte kinne as der boppe op. Want de mûzen hawwe de bulte ek fûn.

De Aviator Club Ljouwert makket him grutte soargen oer de gefolgen fan al dy gatten yn de spottersbulte. Der moatte maatregels naam wurde om de bulte wer feilich te meitsjen. Frisian Flag is tusken 13 en 24 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)