Sneu ferlies foar Cambuur yn Alkmaar tsjin AZ

Cambuur hat sneon mei 2-1 ferlern yn de útwedstriid tsjin AZ. De ploech fan trainer Henk de Jong like lang op in lykspul ôf te gean, mar yn de blessueretiid makke Markus Henriksen de winnende goal foar AZ. Yn de earste helte kamen de Alkmaarders op in 1-0 foarsprong. Nemanja Gudelj skoarde út in strafskop, nei't Wout Droste in oertreding makke.
Nei goed in oere spyljen kaam Cambuur terjochte op likense hichte. Bartholomew Ogbeche draaide him knap frij en makke de 1-1. Yn de slotminuut gie it dochs noch mis foar de Ljouwerters.
By Cambuur moast keeper Leonard Nienhuis nei goed 50 minuten nei de kant mei in ankelblessuere. Syn ferfanger wie Harm Zeinstra.