LDODK troch romme winst ek takom jier op it heechste nivo

Troch in oertsjûgjende oerwinning op KVS binne de kuorballers fan LDODK ek takom jier wis fan de kuorbal league. De Gordyksters wûnen yn sporthal Koartsweagen nei in rêststân fan 16-10 úteinlik mei romme sifers: 28-19. Degradant KVS koe yn de earste helte aardich partij jaan en kaam sels mei 7-8 foar, mar yn it skoft stie LDODK al seis goals foar. Menno Russchen waard topskoarder mei 9 goals.
Troch it ferlies fan Dalto tsjin KZ einniget de ploech fan Jan Sjoerd Pool mei 13 punten op it sânde plak, it heechste yn trije jier league.