Harkemase Boys spilet lyk tsjin SVZW

21 mrt 2015 - 17:26

Harkemase Boys spile sneon mei 1-1 lyk tsjin de nûmer fjouwer SVZW. Yn Wierden kamen de Harkiten nei 9 minuten spyljen op efterstân. Dizze stân bliuw lang op it boerd stean, want pas nei rêst wist de ploech fan trainer Jan Vlap wat werom te dwaan.

Nei it skoft wienen de Harkiten in stik gefaarliker. In frije traap foar Robin Huisman de Jong einige noch op de latte, mar in kopbal fan Gersinio Constansia wie wol rekke. Hy brocht de Boys op likense hichte. Fierder kaam de nûmer twa út De Harkema lykwols net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)