Marrit Leenstra hat genôch oan 4e plak foar einwinst op 1500

Marrit Leenstra fan Wikel hat mei in fjirde plak yn 1.57.45 op de 1500 meter it einklassemint fan dizze ôfstân wûn. Yn Erfurt by de wrâldbekerfinale gong de winst nei Brittany Bowe. De wrâldkampioene op dizze ôfstân kaam yn 1.55.88 oer de einstreek. Heather Richardson waard twadde yn 1.55.99 en Martina Sábliková tredde yn 1.56.74. Yn it einklassemint fan de 1500 meter hat Leenstra 410 punten, Heather Richadson is twadde mei 400 punten.
De Kanadees Denny Morrison wûn de 1000 meter yn 1.09.07. Kjeld Nuis waard twadde yn 1.09.42 en Vincent de Haitre (Kanada) tredde yn 1.09.47. De Rus Pavel Kulizhnikov hie oan in fjirde plak (1.09.52) genôch foar de totaal oerwinning op de 1000 meter. Kjeld Nuis einige as twadde yn it 1000 meter klassemint.