Fertochte stekpartij oan Skrâns yn Ljouwert oanholden

21 mrt 2015 - 15:39
  • Stekpartij by Action op de Skrâns yn Ljouwert
  • Winkelstrjitte Skrâns yn Ljouwert

Yn de buert fan winkel de Action oan de Skrâns yn Ljouwert hat sneontemiddei in stekpartij west. De plysje hat fia Burgernet minsken oproppen om út te sjen nei de fertochte, in tinte man mei dreadlocks en in legerjas oan. De plysje hat de fertochte fan 25 jier út Ljouwert nei in goed oere oanhâlde kinnen op de Huzumerleane.

It slachtoffer is in 32-jierrige man út Ljouwert. Hy is mei lichte ferwûnings oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. Om't de man ûnder ynfloed wie, is it noch net dúdlik wat der krekt bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)