Iepen dei by soarchynstelling Hof en Hiem yn Fryslân

21 mrt 2015 - 13:56

Soarchgroep Hof en Hiem hat sneon op ferskate lokaasjes in iepen dei. De soarchgroep wol dêrmei sjen litte dat der faak mear mooglik is op soarchgebiet as minsken tinke. Op lokaasje Vegelin State op 'e Jouwer wurdt bygelyks in protte omsjoen nei minsken dy't thús wenje en gjin soarchyndikaasje ha.

Neffens teamlieder Sietske Jousma is de ynterne oplieding Maatskiplik Fersoargjende ek in grut sukses. Dizze oplieding kin op Vegelin State folge wurde yn gearwurking mei de Friese Poort. Dêrby leit de fokus op soarch en wolwêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)