Trije fertochten fan himpkwekerij Twizelerheide oppakt

Himpkwekerij © ANP
De plysje hat freedtejûn yn in hûs oan De Biezen yn Twizelerheide trije minsken oanhâlden, dy't yn in himpkwekerij wurken. De wenning wie ferboud ta in grutte himpkwekerij mei 2500 planten en romtes, dêr't de planten te droegjen leine en ferwurke waarden.
It trio, in 20-jierrige man út Thesinge, in 28-jierrige Grinzer en in 23-jierrige frou út Nijmegen, sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.