Froulju SC Hearrenfean ferlieze yn eigen stadion fan PSV

It fuotbalfjild van SC Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn yn it Abe Lenstrastadion mei 3-2 ferlern fan PSV. De Feanster froulju stienen binnen 20 minuten al mei 2-0 efter, wêrnei't Sisca Folkertsma de tsjingoal skoarde. Nei it skoft wist PSV wer gau in doelpunt te meitsjen, wêrnei 't Folkertsma de einstân fan 2-3 op it skoareboerd sette.
De wedstriid waard in kertier foar it ein koart stillein om't de ljochten útfoelen. Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur die de ôftraap fan de wedstriid.
De Jong wie troch it frouljusalvetal útnoege nei't hy syn eigen spilers nei in ferlerne wedstriid it ferwyt makke dat se as froulju spilen.