Epke hellet finale fan wrâldbeker Turnier der Meister

Epke Zonderland © ANP
Turner Epke Zonderland hat freed oan it rek de finale helle fan it Turnier der Meister yn it Dútske Cottbus. Zonderland wie mei ôfstân de bêste op syn spesjaliteit en helle 15,775 punten. De Israeliër Alexander Shatilov waard twadde mei 15.075 punten, de Turk Umit Samiloglu tredde mei 15 punten.
Jeffrey Wammes waard tsiende mei 14,275 punten. Zonderland mei snein ek werom komme foar de finale oan de brêge. Hy helle 15,475 punten, goed foar in twadde plak.