Soad belangstelling foar spesjale manljusjûn yn supermerk

Harley Davidsons, de nijste gadgets, bier en pealdûnseressen wienen te finen op de eksklusive manljusjûn fan de Albert Heijn yn Stiens. De supermerk wie fan 8 oant 10 oere reservearre foar manlju. Eigener Jelle Hiemstra wol mei dit ludike evenemint syn winkel goed op de kaart sette.
Op de fraach oft it echt nedich is, antwurdet Hiemstra dat der wol genôch drokte is, mar dat se graach wat ekstra's dogge foar de klanten. Hiemstra ferklapt ek alfêst dat der noch mear fan sokke aksjes oankomme.