Lieuwe Westra ferskynt by Ronde fan Baskelân wer op toaniel

20 mrt 2015 - 18:55
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje makket definityf op 6 april syn rentree yn it profpeloton. Dan begjint yn Spanje de Ronde fan Baskelân. Westra is yn de Tirreno-Adriatico siik wurden. Hy mist dêrtroch de Ronde fan Kataloanië, dy't ein maart útein set.

Yn de foarige twa jier wûn Lieuwe Westra hieltyd in rit yn dizze rittekoers. It grutte doel is dit jier fansels wer it bystean fan kopman Vicenzo Nibali yn de Astana-ploech, mar Lieuwe Westra hat ek in soad ferwachtings fan de maitiidsklassikers.

Hy hat no al in oanfalsplan foar de Amstel Gold Race op 19 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)