Bluswein brânwacht Appelskea botst tsjin beam

20 mrt 2015 - 17:18

In bluswein fan de brânwacht fan Appelskea is freedtemiddei tsjin in beam riden, doe't de wein op in sânpaad bedarre. Net ien fan de ynsittenden rekke ferwûne. De bluswein wie ûnderweis nei in lyts brantsje yn Ravenswâld. Dêr wie brân útbrutsen yn in berm oan de Master Lokstrjitte. Minsken yn de buert hienen de brân gau ûnder kontrôle.

It korps fan Easterwâlde hat de brân neiblust. It is noch net bekend oft de brân mei opsetsin oanstutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)