Thialf krijt twa wrâldbekerwedstriden

In ympresje fan it nije Thialf © Ballast Nedam
It fernijde Thialf mei it kommende langebaanseizoen twa wrâldbekerwedstriden organisearje. Ien dêrfan is de finale. Dat docht bliken út de foarriedige wedstriidkalinder, dy't de ynternasjonale federaasje ISU freed yn Erfurt oan de bûnscoaches presintearre. Nederlân krige gjin titeltoarnoaien tawiisd yn it seizoen 2015-2016.
It wrâldbekerseizoen 2015-2016 begjint heal novimber yn Calgary en giet dêrnei fierder yn Salt Lake City, Inzell en It Hearrenfean. It EK allround is yn jannewaris 2016 yn Minsk.
De WK ôfstannen en it WK sprint binne yn febrewaris yn Kolomna en Seoul. Sven Kramer mei syn sânde wrâldtitel oer in lyts jier ferdigenje yn Berlyn.