CDA presintearret Geart Benedictus as ynformateur

20 mrt 2015 - 15:11

It CDA hat âld-steatelid en âld-senator Geart Benedictus fan De Jouwer freed presintearre as ynformateur fan it nije kolleezje fan deputearre steaten. Benedictus is yn Fryslân ek bekend as âld-foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW en as foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.

De gearstalling fan it nije kolleezje wurdt mooglik wat lestiger as oars, omdat fjouwer partijen nedich binne foar in wurkbere mearderheid. It CDA mocht in ynformateur oanwize, omdat dy partij by de ferkiezings fan woansdei de grutste waard.

Benedictus wie ek formateur fan it earste kolleezje fan b. en w. fan gemeente De Fryske Marren nei de lêste riedsferkiezings. Benedictus sil as earste mei alle partijen prate. Hy wol dêr de tiid foar nimme. Benedictus seit te strjibjen nei in nij kolleezje mei in grut draachflak yn de steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)