Cambuur kin tsjin AZ gjin berop dwaan op Van de Streek

20 mrt 2015 - 14:53
  • Sander van de Streek

SC Cambuur kin sneontejûn yn de lestige útwedstryd tsjin AZ net beskikke oer de blessearre Sander van de Streek. De middenfjilder, dy't dit seizoen al sân kear it net wist te finen, hat him ferstapt. De seleksje fan Henk de Jong rekket dêrmei hieltiid mear skansearre.

Njonken de al langer blessearre Sinan Bytyqi en Damiano Schet binne Calvin Mac-Intosch, Martijn Barto, Donovan Slijngard en Marlon Pereira ek net ynsetber.

Earder dit seizoen einige de thúswedstryd tsjin de Alkmaarders yn in 0-2 ferlies. Neffens Henk de Jong is de wedstryd tsjin de nûmer fjouwer yn de earedivyzje in dreech putsje mar witte de spilers wêr't se foar spylje sneontejûn: Dielname oan de play-offs foar Europeesk fuotbal.

Dizze wike wie testspiler Kristiaan Haagen op besite by SC Cambuur. De 19-jierriche ferdigener stiet ûnder kontrakt by it Belgyske Anderlecht mar mei útsjen nei in oare klup. Dêrom wie der dizze wike op staazje yn Ljouwert en by NAC Breda. Henk de Jong wol graach fierder mei de Belch.

Opstelling SC Cambuur: Nienhuis, Droste, Reijnen, Bijker, Andriuskevicius; Bakker, El Makrini, Steblecki (Dijkstra); Narsingh, Ogbeche, De Ridder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)