Kenneth Otigba seit "Nee" tsjin Hongarije

20 mrt 2015 - 13:56
  • Kenneth Otigba

SC Hearrenfean fuotballer Kenneth Otigba hat "Nee" sein tsjin de nasjonale ploech fan Hongarije. De sintrale ferdigener krige in útnoeging fan de Hongaarske bûnscoach foar de EK kwalifikaasjewedstriid tsjin Grikelân, mar Otigba hat sein dat hy foar Nigearia útkomme wol. Ek al hat de Nigeriaanske bûnscoach him noch nea benadere en is der yn Nigearia folle mear konkurrinsje.

"Het was een lastige keuze, maar ik volg mijn hart. Het is een droom voor Nigeria te voetballen". Otigba hat sawol de Hongaarske as de Nigeriaanske nasjonaliteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)