Bedriuwen Harns meitsje plan foar 800 nije banen

20 mrt 2015 - 13:37

Yn de haven fan Harns kinne 800 nije banen komme yn de maritime yndustry. Om dat te berikken hat in groep Fryske skipswerven en maritime ûndernimmingen it gearwurkingsferbân Ontwikkelingsmaatschappij Maritiem Centrum Harlingen BV oprjochte. Yn dit nije bedriuw wurkje skipswerven Barkmeijer Strobos, Talsma Frjentsjer en it Maritiem Cluster Friesland en Linking Partners gear.

Tegearre mei de provinsje wol it gearwurkingsferbân ynsette op nije yndustry yn de Harnzer haven. It inisjatyf moat nije merken iepenje foar de Fryske ekonomy.

De bedriuwen hawwe harren inisjatyf foarlein oan de politike partijen yn Fryslân, sadat dy de plannen meinimme kinne yn de ûnderhannelingen oer it nije kolleezje foar deputearre steaten. Ien fan de nije saken dêr't de bedriuwen op ynsette wolle is in nij reparaasjedok foar grutte skippen. Sa'n dok soe allinnich al in soad arbeidsplakken opsmite kinne, skriuwe sy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)