HCL krijt twa wurken fan Sjoerd Andringa

Wurk fan Sjoerd Andringa
It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat freed twa ûnbekende wurken fan de Ljouwerter keunster Sjoerd Andringa krigen. It giet om twa akwarellen dy't Andringa yn it lêste jier fan de oarloch makke hat. Fan de wurken wie oant no ta net bekend dat se der wiene. Se binne troch de famylje oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert oanbean.
Dêr is op dit stuit in eksposysje mei wurk fan Sjoerd Andringa te sjen, in oar part fan de wurken hinget by Tresoar. Dy útstalling rint noch in wike.