Man mei drugs yn auto oanhâlden yn Kollumersweach

20 mrt 2015 - 11:19

In 45-jierrige automobilist fan Twizelerheide is tongersdeitejûn yn Kollumersweach oanhâlden foar drugsbesit. De man ried mei tsien himpplanten yn syn auto. Hy hie ek in oantal wikkels mei speed by him.

De planten en speed binne yn beslach nommen. De man sit fêst yn ferbân mei fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)