Nij sireneprotest Fryske plysjes

De lieding fan de plysje docht in berop op plysjeminsken om net mei te dwaan oan it sireneprotest dat foar freedtemiddei oankundige is. De lieding fynt de aksje net ferantwurde. Plysjeminsken wolle as protest tsjin it útbliuwen fan in cao tsjin it middeisoere de sirenes fan de plysjeauto's oansette. It is foar minsken dan net dúdlik oft in plysjeauto mei sirene meidocht oan de aksje of op wei is nei in needgefal, sa seit de plysjetop.
De fakbûnen binne lilk en neame de opstelling fan de plysjelieding 'yntimidaasje'.
De Fryske plysjes lutsen harren net al te folle oan fan it berop fan de plysjelieding. Op it Wilhelminaplein waarden freedtemoarn de sirenes gewoan oanset by wize fan protest. Dêr diene njoggen plysjeminsken en trije plysje-auto's oan de aksje mei. Ljouwert wie lang net it iennichste plak dêr't de plysjesirene klonk. Dat barde rûnom yn Nederlân, ek yn de provinsje Drinte kamen plysjeminsken yn aksje troch de sirene hearre te litten.