Plysje siket slachtoffer en tsjûgen strjitrôf Ljouwert

© ANP
De plysje yn Ljouwert siket in slachtoffer en tsjûgen fan in strjitrôf yn de Coopmansstrjitte yn de nacht fan tongersdei op freed. In tsjûge seach dat in fytser lestich fallen waard troch in donkere man yn swarte klean. De tsjûge rôp nei de manlju, wêrnei't de mooglike strjitrôver útnaaide. It is de man neffens it slachtoffer net slagge om guod te stellen.
De plysje hat noch net mei it slachtoffer praat, mar wol graach kontakt mei him hawwe. Ek de tsjûgen wurde oproppen harren te melden.