Eklips is ek - in bytsje - yn Fryslân te sjen

20 mrt 2015 - 08:29

Der is freedtemoarn in sinnefertsjustering dy't ek yn Fryslân is te sjen. Fan healwei tsienen oere oant hast tolve oere middeis is de eklips te sjen. De lêste kear dat dat yn Fryslân te sjen wie, wie yn 1999. Learlingen fan it Dalton Piter Jelles yn Dokkum jouwe freedtemoarn in presintaasje oer de eklips. Se hawwe ûnder oare eklipsbrillen makke. It kin gefaarlik wêze om ûnder de eklips rjocht tsjin de sinne yn te sjen.

Yn Dokkum wiene dy brillen net al te bot nedich, want de sinne wie dêr net te sjen op it momint fan de eklips.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)