De Rouwe: "Takom wykein mear dúdlikheid oer nij kolleezje"

19 mrt 2015 - 23:13

FNP-foarman en deputearre Johannes Kramer hopet dat syn partij de kommende fjouwer jier op 'e nij meidwaan sil oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Hy sjocht hjir ek alle kânsen foar. Kramer sei dat by Omrop Fryslân yn in ekstra útstjoering oer de útslach fan de ferkiezings foar de provinsjale steaten mei de listlûkers fan alle grutte partijen.

Neffens CDA-foarman Sander de Rouwe, de grutte winner fan de ferkiezings, betsjut de goeie útslach net perfoarst dat syn partij ek in liedende funksje yn it kolleezje krije sil.

"Het is niet in de Nederlandse wet vastgelegd dat de winnende partij in een verkiezing ook per definitie plaats krijgt in het college", sei hy. Jannewietske de Vries fan de PvdA hopet dat it wurk dat it kolleezje de lêste jierren begûn is yn de kommende fjouwer jier ôfmakke wurde kin.

VVD, SP, ChristenUnie en D66 binne ek yn de beneaming foar in rol yn it kolleezje. De Rouwe giet der fanút dat der takom wykein mear bekend wurde sil oer de formaasje fan it nije bestjoer fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)