Pieter Breuker skriuwt boek 'Ljip en aai yn hert en holle'

19 mrt 2015 - 23:10

"Ljip en aai yn hert en holle". Dat is de titel fan it nijste boek fan Pieter Breuker dat freed útkomt. De skriuwer stiet yn it boek stil by de ljip yn de natoer en by it plak dat de ljip, de aaien en it aaisykjen ynnimme yn de Fryske mienskip en kultuer troch de tiid hinne. Hy jout omtinken oan de ljip yn de byldzjende keunst en poëzy.

Oer it ljipaaisykjen nimt hy gjin stânpunt yn omdat dit neffens him in hiel oer ûnderwerp is. Breuker makket him soargen oer de takomst fan de ljip, omdat jonge minsken net folle mear fan de natoer ôfwitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)