Komst fan ferslavingsklinyk nei It Hearrenfean earst útsteld

19 mrt 2015 - 23:03
  • GGZ Friesland

Verslavingszorg Noord Nederland ferhuzet foarearst noch net nei de GGZ-klinyk oan de Kastanjelaan op It Hearrenfean. Dat seit boargemaster Van der Zwan nei ôfrin fan in spesjale gearkomste oer de ferhúsplannen.

De kommende wiken moat der earst wurke wurde oan it ferbetterjen fan de ferhâlding tusken de GGZ en ferûntrêste buertbewenners. Dy hawwe gjin betrouwen yn de kommunikaasje mei de GGZ en de komst fan in ferslavingsklinyk. Op de byienkomst is ôfpraat om heal maaie wer byinoar te kommen. De gemeente sil fasilitearje yn de oerlizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)