Henk en Voke Gorter út Warkum krije lintsje

Henk Gorter en Voke Gorter-Postma út Warkum hawwe tongersdeitejûn in lintsje krigen. Boargemaster Apotheker oerlange de ûnderskiedings yn de Gertrudistsjerke yn Warkum.
Dat barde by de presintaasje fan it boek 'Workum van vroeger en nu' skreaun troch Henk Gorter. It boek giet oer de Warkumer middenstân yn de jierren 60. De Gorters hawwe jierrenlang in juweliers- en optisiensaak hân yn de stêd. It echtpear docht ek in protte frijwilligerswurk yn Warkum.