Dieven stelle 32 drukknopkranen by camping Lauwerseach

19 mrt 2015 - 21:01

Op camping Lauwerseach binne woansdeitenacht 32 drukknopkranen stellen. Dat meldt RTV Noord. De dieven hawwe har slach slein tusken 9 oere jûns en 10 oare moarns de folgjende dei. De kranen kostje sa'n 70 euro it stik. It giet de dieven fermoedlik om it messing yn de kranen.

Earder dizze wike waarden ek al 52 kranen stellen fan in camping yn Bakkefean. It is net dúdlik oft dy saken ferbân mei inoar hâlde.

Trefwurden: 
stellen Lauwerseach kranen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)