Tieneke Clevering (21) wurdt wetterskipsbestjoerder

Tieneke Clevering is 21 jier âld. Se komt fan Haulerwyk, en is nei alle gedachten de jongste wetterskipsbestjoerder fan Nederlân. Se stie op de twadde plak op de list fan Water Natuurlijk, en dy partij kriget op 'e nij trije sitten yn it algemien bestjoer fan it Wetterskip.
Tegearre mei it CDA bliuwt Water Natuurlijk de grutste partij. As de nûmer 1 fan de list, Marian Jager-Wöltgens, yn it deistich bestjoer telâne komt, kin Clevering sels fraksjefoarsitter wurde.
Clevering hat mear politike ûnderfining, foarich jier kaam se krekt net yn de ried fan Eaststellingwerf. It skeelde 20 stimmen of se hie foar D66 in sit krigen. Dy partij wol fan it Wetterskip ôf, en mei dy gedachte sit Clevering der krekt yn. As je wat feroarje wolle, moatte je wol meiprate, seit se.