Dream foar Fryslân: "Alle Friezen in basisynkommen"

19 mrt 2015 - 17:17

"Foar alle Friezen in basisynkommen", dat is dé Dream foar Fryslân. Dat is tongersdei bekendmakke op Omrop Fryslân Radio. De dream wie ynstjoerd troch Sjoerd Jelle Wiersma fan Ljouwert yn it kader fan de Provinsjale Steateferkiezings. Dêrmei wint Wiersma in fakânsje nei It Dreamlân. Syn dream wurdt oanbean oan de politisy.

Yn de wiken foarôfgeand oan de ferkiezings gie de omrop op syk nei de 'Dreamen foar Fryslân'. Om der sa achter te kommen wat de Friezen wolle foar de provinsje. Der waarden tsientallen dreamen ynstjoerd,

Uteinlik koe stimd wurde op fiif selektearre dreamen. De dream fan Sjoerd Jelle Wiersma krige 40 prosint fan de stimmen. Ek waarden twa dreamen útkeazen troch ûnder oare dykgraaf Paul van Erkelens op de spesjale dei foar de Wetterskipsferkiezings, dy't Omrop Fryslân snein organisearre. Ien fan dy dreamen kaam fan Inge Koch fan De Groene Apotheek. Sy stjoerde ûndersteande dream yn fia Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)