Skou yn winkelstrjitten Oerterp en Beetstersweach

De winkelstrjitten fan Beetstersweach en Oerterp hawwe tongersdei in besite krigen fan in skouteam. Der waard sjoen hoe't de winkelstrjitten oantrekliker makke wurde kinne. Under oaren in keunstner, omjouwingsekspert en in detailhannelsaakkundige lieten harren ljocht skine oer de sintra fan beide doarpen.
De skou is in inisjatyf fan beide ûndernimmersferienings en de gemeente Opsterlân. Mear plakken yn Fryslân, lykas Dokkum, Harns en Surhústerfean, hawwe besite hân fan it skouteam.