Omrop TIP: Neibeskôging Provinsjale Steateferkiezings

19 mrt 2015 - 14:09
  • De tolve dielnimmers oan it ferkiezingsdebat fan de NOS

Fryslân hat stimd foar Provinsjale Steaten. Oer de politike realiteit dy't dêrtroch ûntstien is, stjoert Omrop Fryslân jûn in ekstra ferkiezingsprogramma út. Oan tafel sitte winners (CDA en D66) en ferliezers (PvdA en VVD).

Ek binne der fertsjintwurdigers fan FNP en ChristenUnie, beide partijen dy't likefolle sitten hâlde. Hamfraach is wa't der yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten komme. It wiene 3 partijen, mar dat sille nei alle gedachten wol 4 wurde. De kontoeren fan it nije kolleezje, fan 17:15 oant 18 oere op Omrop Fryslân tv.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)