CDA wol gau om tafel foar nij kolleezje

It CDA yn Fryslân mei as winner fan de steateferkiezings in nije koälysje foarmje. Logyske partners binne de PvdA en de VVD. Mar der is noch in fjirde partij nedich om ta in mearderheid te kommen. De nammen fan ChristenUnie, FNP en D66 wurde neamd, wêrby't it CDA in foarkar hawwe soe foar de ChristenUnie. Dêrmei soe de FNP bûten de koälysje falle.
Mei de winst fan it CDA is it ek hast wis dat Joop Atsma út Surhústerfean yn de earste keamer komt. Hy stiet op it 11e plak en sa't it no liket krijt it CDA 12 sitten yn de senaat.
Op 11 april wurdt de definitive list keazen. De eardere steatssekretaris hat der in soad nocht oan om as senator op 'e nij yn de politike arena yn Den Haach oan de slach te gean.