Henk de Jong op besite by Feanster fuotbalfroulju

19 mrt 2015 - 12:03

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur is freed te gast by it frouljusfuotbalteam fan SC Hearrenfean. Dy spylje yn it Abe Lenstrastadion tsjin PSV, wylst tagelyk it Frysk kampioenskip treprinnen hâlden wurdt. De opbringst fan it evenemint is foar it Foppe Fûns.

De froulju hawwe De Jong útnoege nei syn opmerking nei in ferlerne wedstriid dat de Cambuurspilers as froulju spile hiene. Neist De Jong binne ek Lutz Jacobi en Syb van der Ploeg oanwezich. Der binne foar de wedstriid al 14.000 kaarten ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)