CDA en Water Natuurlijk measte sitten yn Wetterskip

19 mrt 2015 - 11:53

Net allinnich by de Provinsjale Steateferkiezings, ek by de Wetterskipsferkiezings moat de PvdA ynleverje. Yn it algemien bestjoer fan it wetterskip giet de partij fan 3 nei 2 sitten. It CDA en Water Natuurlijk hâlde beide harren 3 sitten.

Lagere Lasten Burger en Bedrijf, Boer en Burger leverje beide 1 sit yn en hâlde der respektyflik 2 en 1 oer. De FNP hâldt 2 sitten. De VVD en de ChristenUnie krije der beide 1 by en komme ek út op 2. De Partij voor de Dieren komt mei 1 sit nij yn it algemien bestjoer.

50Plus rêde it net op. De partij komt inkele tûzen stimmen tekoart foar in sit.

Mei in opkomst fan 50 persint skoarde Wetterskip Fryslân it heechst fan alle wetterskippen yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)