Frjentsjerter oppakt foar minskehannel en wytwaskjen

19 mrt 2015 - 10:08

De plysje hat woansdei in 63-jierrige man út Frjentsjer oanhâlden foar ûnder oaren wytwaskjen en twongen prostitúsje. Derneist binne trije wenningen yn de Professorenbuert ûndersocht. Dêrby is in 39-jierrige bewenster fan ien fan de hûzen oanhâlden.

Yn de wenningen hat de plysje in soad jild, wapens en lúkse guod lykas skooters en auto's yn beslach naam. Der binne trije oanjeften tsjin de man yntsjinne. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)