Unyk soart seegers weromfûn yn de Waadsee

19 mrt 2015 - 09:48

Undersikers fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee hawwe yn de Waadsee by de Ofslútdyk in unike soart seegers fûn. It gers groeit ûnder wetter en dat is yn jierren net mear fûn. De ûndersikers kamen it seegers by tafal op it spoar doe't se mei in oar ûndersyk dwaande wienen.

It gers dat ek ûnder wetter groeit ferdwûn yn de jierren '30 mei de oanlis fan de Ofslútdyk. De Waadferiening, Rykswettersteat en Natuermonuminten hawwe de ôfrûne jierren besocht om in oare soarte seegers werom te bringen yn de Waadsee.

Trefwurden: 
Waadsee seegers Ofslútdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)