CDA grutte winner, dramatysk ferlies PvdA

19 mrt 2015 - 03:52
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

It CDA is de grutte winner fan de provinsjale steateferkiezings yn Fryslân. De partij krige hast 21% fan de stimmen. Dat komt nei alle gedachten del op tsien sitten yn de steaten, twa mear as no. Yn hast alle Fryske gemeenten krige it CDA de measte stimmen.

De PvdA is de grutte ferliezer. Sy giene fan 23% fan de stimmen yn 2011 nei 15,5% no. De VVD en GrienLinks ferlearen ek. Al mei al komme der, sa't it no liket, alve partijen yn de steaten. Nij binne de Partij voor de Dieren en 50Plus. Der wie ek winst foar FNP, SP, D66 en de PVV.

It foarmjen fan in nij kolleezje fan deputearre steaten kin mei dizze útslach wolris in toer wurde. Der binne nei alle gedachten op syn minst fjouwer partijen nedich om in wurkbere mearderheid te berikken. Fierder woe PvdA-listlûker Jannewietske de Vries har woansdei net útsprekke oer it wol of net meidwaan oan in nij kolleezje fan deputearre steaten. De Vries wol earst 'goed neitinke' oer de betsjutting fan de útslach fan woansdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)