CDA ek de grutste yn Eaststellingwerf

19 mrt 2015 - 03:26

Yn it foarhinne reade Eaststellingwerf slacht it CDA no ek foar master op. De PvdA gie woansdei by de steateferkiezings werom fan 25 nei 16%, wylst it CDA groeide fan 16 nei 18,4%. De VVD levere oardel persint yn en gie fan 15 nei 13,5%.

Oare winners yn Eaststellingwerf wiene de SP, de PVV, D66, ChristenUnie, Partij voor de Dieren, de FNP en 50Plus. GrienLinks gie ek hjir achterút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)