PvdA noch krekt de grutste yn Opsterlân

Gemeente Opsterlân © Omrop Fryslân
Yn it fanâlds reade Opsterlân wie de PvdA ek woansdei de grutste partij by de steateferkiezings. De PvdA gie werom fan 25 nei 17,7%, mar bleau wol grutter as it CDA, dat groeide fan 14 nei 16,9%. De SP is no mei 11,9% de tredde partij fan Opsterlân, noch foar de VVD, dat lykas de PvdA ek terrein ferlear.
Oare winners yn Opsterlân wiene de ChristenUnie, de FNP, D66, de PVV, de Partij voor de Dieren en 50Plus.