Frjentsjerteradiel kleuret ek grien

Gemeente Frjentsjerteradiel © Omrop Fryslân
De útslach fan Frjentsjerteradiel wykt net bot ôf fan dy yn de measte oare Fryske gemeenten. Ek hjir is it CDA de PvdA foarbystutsen as grutste gemeente fan Fryslân. De PvdA ferlear en gie fan 20 nei 13,4%. It CDA gie fan 19 nei 24,5%. De FNP wûn ek en gie fan 10 nei 12,9%. De VVD ferlear in pear persint.
Oare winners yn Frjentsjerteradiel wiene de PVV, D66, ChristenUnie, Partij voor de Dieren en 50Plus. GrienLinks ferlear ek yn dizze gemeente terrein en gie weeom fan 4 nei 2,9%.