CDA grutste partij op It Amelân

Gemeente It Amelân
It CDA bliuwt mei 29,2 % dúdlik de grutste partij op It Amelân. It eilân hie fierder in útslach dy't dúdlik ôfwykt fan it byld yn de measte oare gemeenten. De VVD ferlear net op it Waadeilân, mar boekte sels in lytse winst: fan 21 nei 21,4%. De PvdA ferlear: fan 17 nei 14,8%. De PVV ferlear stevich en gie fan 12 nei 7,7%. Der wie fierder winst foar SP, D66, 50Plus, Partij voor de Dieren, ChristenUnie en FNP.
GrienLinks buorke ek op It Amelân achterút: fan 3 nei 2,4%. De opkomst op It Amelân wie 51,3%.