PvdA ferliest foars, mar bliuwt de grutste yn Ljouwert

Gemeente Ljouwert
De PvdA ferliest stevich yn Ljouwert, mar bliuwt likegoed de grutste partij yn de Fryske haadstêd. De partij ferlear in tredde part fan de stimmers en gie fan 30,1 nei 20.9%. De SP is no mei 13,5% - in winst fan 1,9% - de twadde partij yn Ljouwert. It CDA gie fan 9,4 nei 11,9%, De VVD ferlear yn Ljouwert en gie fan 13,3 nei 10,4%. D66, PVV en FNP gean alle trije foarút.
De demokraten krije 9,8%, de PVV 9% en de FNP 6 %. GrienLinks moat terrein priisjaan en giet fan 8,2 nei 5,8%.
De ChristenUnie giet fan 4,7 nei 5,2% en de Partij van de Dieren hellet 3,6%. Mei 49,9% bleau it opkomstpersintaazje yn Ljouwert noch krekt ûnder de 50%.