ChristenUnie en SP grutte winners Dantumadiel

19 mrt 2015 - 00:38
  • Gemeente Dantumadiel

De ChristenUnie en de SP wiene woansdei de grutte winners fan de provinsjale steateferkiezings yn Dantumadiel. De ChristenUnie gie fan 15 nei 19,1% en is no, nei it CDA, de twadde partij fan Dantumadiel. It CDA bliuwt mei 26,3% de grutste partij yn de gemeente. De SP gie yn Dantumadiel fan 6 nei 9%. De PvdA wie ek hjir de grutte ferliezer. De sosjaaldemokraten giene fan 18 nei 9,9%. De VVD ferlear ek en gie fan 6 nei 4,9%.

PVV, FNP, D66 en de Partij voor de Dieren en 50Plus giene allegearre wat foarút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)