CU, FNP, PVV winne yn Achtkarspelen

Gemeente Achtkarspelen
ChristenUnie, FNP en PVV binne de grutte winners fan de steateferkiezings yn de gemeente Achtkarspelen. De ChristenUnie gie yn de gemeente fan 13 nei 15,9% en is dêr no, nei it CDA (23,8%), de twadde partij. De FNP gie fan 11 nei 14,3% en de PVV van 9 nei 12,2%. PvdA en VVD buorken ek hjir beide achterút: de PvdA stevich, fan 19 nei 10,9% en de VVD in bytsje fan 7 nei 6,6%.
Oare, lytsere winners, binne D66, 50Plus en de Partij voor de Dieren. GrienLinks gie hjir in bytsje achterút. De opkomst wie 50,8%.