Ferset tsjin ferslaafdeklinyk yn It Hearrenfean-Noard

18 mrt 2015 - 21:18

Bewenners fan It Hearrenfean-Noard komme yn ferset tsjin de komst fan in ferslaafdeklinyk. De GGZ en Verslavingszorg Noord-Nederland binne fan doel om minsken mei in ferslaving ûnder te bringen oan de Kastanjeleane op It Hearrenfean. Omwenjenden binne benaud foar oerlêst.

In spesiale bewennerskommisje sil mei de gemeente en de inisjatyfnimmers om tafel. Neffens wurdfierder Teake Potijk fan de bewennerskommisje sitte de buertbewenners bot oer de plannen yn noed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)