Undersyk pjutteboartersplakken Dongeradiel

18 mrt 2015 - 19:24

De Stifting Pjutteboartersplakken Dongeradiel sil tegearre mei de gemeente ûndersyk dwaan nei in nije takomst. De stifting hat te krijen mei tanimmende kosten en feroarjende wetjouwing. Fan 2017 ôf falle pjutteboartersplakken ûnder de wet fan berne-opfang. De stifting en de gemeente sille op syk nei in tredde partij. Oan de ein fan dit jier moat der in oplossing wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)