Wethâlders besykje mei kuiertocht stimmers te lûken

18 mrt 2015 - 16:36

Twa wethâlders yn Weststellingwerf en de gemeentesekretaris besykje mei in kuiertocht by alle stimburo's yn de gemeente del minsken derta oan te setten te stimmen. Se rûnen earst fan it gemeentehûs yn Wolvegea nei it fersoargingshûs yn dat plak.

Mei-inoar rinne de wethâlders woansdei op ferkiezingsdei 25 kilometer alle tsien stimburo's bydel. Dat fine se in makje, want se rinne alle wiken. De wethâlders binne yn training foar de Pieter Stuyvesant-kuiertocht. Oar bykommend foardiel is dat der ûnder it rinnen ek noch tiid is foar oerlis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)