Boek oer Marianne Vaatstra moat ferneatige wurde

Het verboden dagboek van Maaike Vaatstra
Alle eksimplaren fan 'Het verboden dagboek van Maaike Vaatstra' moatte ferneatige wurde. Dat hat it gerjochtshôf yn Amsterdam bepaald.
De publisisten Wim Dankbaar en Hans Mauritz brochten it boek oer de moard op Marianne Vaatstra ferline jier út. Se sizze dat justysje mei ferfalske bewiis de ferkearde dieder oppakt hat. De skriuwers brûkten stikken út it deiboek fan de mem fan Marianne yn harren eigen boek. It hôf seit dat se dêrmei ynbreuk makke hawwe op it auteursrjocht fan Marianne har mem.