Fytsedieven oppakt mei help fan lokfyts

(foto-ympresje)
De plysje hat yn Snits fiif fytsedieven oppakt. In man en frou fan 37 en 34 jier hiene in lokfyts yn harren wente oan de Singel te stean. De twa fersetten harren by de oanhâlding. In 26-jierrige man út Snits wie op kamerabylden te sjen wylst er de fyts fan in 57-jierrige stedsgenoat meinaam. Dy hat syn fyts ûnderwilens werom.
De plysje ek noch in frou (32) út Snits oppakt en har freon (35) út Ljouwert. Sy hiene de fyts fan in flatgenoat oan de Furmerusstrjitte stellen. De fyts is weromfûn yn de berging fan de flat.